Sneon 28 maart is it sa fier, Dan hâlde wy ús jierlikse foarjierskonsert yn’e Grutte tsjerke te Sleat. De tagong is fergees, mar yn it skoft ha we wol in aardige ferlotting mei moaie pryskes.

Tegearre mei De Muzykmaten Wikel / Sleat, learlingen fan basisskoalle de Klinkert, En ús nije dirigint Jan ten Bos meitsje we der in moaie jûn fan.

Wy ha der sin yn, Graach oant dan!